Ite by it Pottebakkershûs

Nei de besite oan it Jopie Huismanmuseum noch even wat ite?
As ôfsluting fan de Moanne fan it Fryske Boek, om de Reis-Aksje te fieren en om Skriuwkeunst yn Warkum feestlik ôf te sluten, bestiet de mooglikheid om mei syn allen (biologysk) te iten yn it Pottebakkershûs te Warkum. Sy ha twa tapaslike menu’s foar de reizgers opsteld.

Reis-Aksje menu: Mediterrane rijstschotel met vis en een Fryske ijscoupe met slagroom /Meditterane Rysskûtel mei duorsume fisk en in Frysk iispriuwke

Skriuwkeunst yn Warkum menu Overheerlijke kaasfondue met salade, verse groente en stokbrood en een Fryske ijscoupe met slagroom / Smaaksume tsiisfondue mei salade, farske griente en stokbôle en in Frysk iispriuwke

Beide à € 22,50 per menu/ foar € 22,50 it stik

Reserveren op
www.itpottebakkershus.nl of telefonisch 0515 541900 (restaurant).
Om 19.55 stoppet de toeristetrein Warkum foar de doar fan it restaurant om de gasten dan wer nei it treinstasjon fan Warkum te bringen om de 20.15 trein nei Snits en Ljouwert helje te kinnen. Passazjiers kinne dan opnij, op fertoan fan Kadoboek ‘Bak’ fergees reizgje yn de Arriva trein.